Hearrenfean wint mei 5-3

Sportclub Hearrenfean hat yn 'e earste ronde fan de UEFA Cup mei 5-3 wûn fan it Sweedske Helsingborgs IF. Nei de earste helte like it al beslist. Troch goals fan Bradley en Sibon (twa kear) wie it 3-0.
Nei rêst kamen de Sweden werom oant 3-2 troch goals fan Larsson en Omotoyossi. Bak Nielsen en Bradley makken it ferskil wer trije. Bradley feroarsake yn de 71e minút in penalty en Larsson brocht de einstân op 5-3.