Waterlander mooglik út fraksje

20 sep 2007 - 22:06

Jan Waterlander stapt mooglik út de PvdA-fraksje yn de gemeente Littenseradiel. Hy oerwaget foar himsels fierder te gean yn 'e ried of hielendal út de gemeentlike polityk te stappen.

Waterlander seit dat yn reaksje op it nijs dat de VVD boargemaster Johanneke Liemburg noch ien kâns jaan wol. Dêrtroch is der gjin mearderheid mear yn 'e gemeenteried om Liemburg ôf te setten as boargemaster.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)