Froulju H'fean ferlieze wer

© Omrop Fryslân
De froulju fan sportklub Hearrenfean hawwe mei 3-0 ferlern fan Willem II. Nei de winst yn de iepeningswedstriid tsjin FC Twente hat Hearrenfean net mear wûn.
Nei 36 minuten spylje kaam Willem II foar troch in goal fan Stevens. Willem twa wie better en krige mear kânsen. Tsien minuten foar tiid makke Stevens har twadde. Yn de lêste minút makke Fraikin 3-0. Hearrenfean stiet no mei FC Utrecht en Willem II lêste.