Praktykskoalle yn Ruslân

20 sep 2007 - 17:32

Yn Ruslân hawwe Friezen in pleats yn gebrûk naam mei in praktykskoalle lykas dy yn Oentsjerk. It trainingssintrum mei 900 kij moat de dreech rinnende Russyske lânbou der wer wat boppeop helpe. De molkeproduksje giet omdel, wylst der miljoenen ynvestearre wurde.

Fryske ynstrukteurs jouwe Russyske boeren les yn it effisjint buorkjen. De Russyske praktykskoalle komt by Kolomna ûnder de reek fan Moskou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)