Liemburg mei bliuwe fan VVD

20 sep 2007 - 17:24

Boargemaster Johanneke_Liemburg fan Littenseradiel mei bliuwe fan de VVD. De partij set de ôfsettingsproseduere net troch, seit foarsitter Ymte_Heeg. De VVD jout B en W wer it fertrouwen en dan is der gjin mearderheid mear yn ´e rie foar in ûntslach.

De oare partij dy´t de boargemaster fuort hawwe woe, de PvdA, tinkt noch nei oer stappen. Beide partijen hiene twa kear it fertrouwen yn Liemburg opsein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)