Earste 'rêchsekje taal'

20 sep 2007 - 14:45

Deputearre De Vries en boargemaster Van Delft fan Menameradiel oerlangje takom tiisdei it earste 'rêchsekje taal' oan farske âlden. Dêryn sit ynformaasje oer de foardielen fan it opgroeien yn in twa- of meartalige situaasje. Yn Fryslân giet it om 8000 poppen yn it jier.

De gemeenten dogge de fersprieding fan it rêchsekje. Menameradiel hat de primeur om't sy as earste reagearre hawwe op in oprop fan 'e Provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)