Gemeente helpt Spinderwurkers

Gemeente wol Spinderpersoniel helpe
De gemeente Achtkarspelen docht alle war om personielsleden, dy't ûntslein wurde by Spinder Products op 'e Harkema, in nije baan te jaan. Tongersdei waard it bekend dat der in fallissemint oan sit te kommen. Dat betsjut dat santich personielsleden fan it meubel- en fytsedragerfabryk dien krije.
Daliks nei de bekendwurding is op it gemeentehûs yn Bûtenpost in begjin makke mei de helpplannen.