Jeroen Ketting op de bank

© Omrop Fryslân
Cambuuroanfaller Jeroen Ketting begjint freed tsjin Eindhoven op de bank. Trainer Jurrie Koolhof jout Marinus Dijkhuizen in kâns om him te bewizen as basisspiler. Neffens de trainer is Ketting net yn foarm. Yn de earste acht wedstriden skoarde de oanfaller net. Dijkhuizen makke as ynfaller oant no ta ien goal.
Koolhof wol tsjin Eindhoven oanfallend spylje en Cambuur spilet dêrom mooglik yn in 3-4-3 systeem.