Nigeriaan Casal mei weromkomme
De Nigeriaan Kasali Yinka Casal krijt noch in kâns om in kontrakt te fertsjinjen by Cambuur. Foar de Braziliaan Luizinho is op dit stuit gjin plak yn de seleksje. Beide spilers mochten de ôfrûne wike meitrene by de Ljouwerters.
Casal wurdt mooglik de twadde man foar de linksback posysje, achter Katipana. Hy sil him takom wike op 'e nij melde by Cambuur en krijt nei alle gedachten in wike om him te bewizen.