Plan foar kiosk It Hearrenfean

20 sep 2007 - 12:23

De gemeente It Hearenfean wol in kiosk yn it sintrum fan It Hearrenfean hawwe. Wethâlder Scheweer hat dêrfoar it Gemeenteplein op it each. By de kiosk kinne minsken in krante, in tiidskrift of drinken keapje.

Mar de kiosk moat ek in gemeentlik ynformaasjepunt wurde. It sintrum moat der geselliger troch wurde. En boppedat moat de kiosk de feiligens fergrutsje. Wannear't de kiosk der komme moat, is noch ûnbekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)