Mear meldings thúsmishanneling

© Omrop Fryslân
Ekstra jild foar de oanpak fan húslik geweld is nedich, oars ûntstean der wachtlisten. Dat makke opfang Fier Fryslân tongersdei bekend.
Der komme hieltyd mear meldings oer húslik geweld. Benammen nei de oprjochting fan it lanlik stipepunt is it tal oanjeften bot tanaam. It giet om telefoanyske meldings. Opfallend is dat hieltyd faker pakes en beppes de telefoan pakke om geweld yn in húshâlding troch te jaan.