75 boetes útdield yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
By in ferkearskontrôle yn Ljouwert binne woansdei 75 bonnen útskreaun. De kontrôle wie foar brommers, fytsers en snorfytsers. Guon brommers rieden te hurd. In pear hiene 79 en 80 kilometer op 'e teller te stean. Oaren rieden mei glêde bannen.
25 Fytsers krige in bon omdat se gjin locht op hiene. In frou dy't ek oanhâlden waard, misledige de plysje en sloech in plysje yn it gesicht. Se is yn 'e boeien meinaam nei it buro.