Fernielers Appelskea oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat trije jonges fan 15 en 16 oanhâlden foar fernielerij yn Appelskea. De jonges út Boalsert, Gaasterlân-Sleat en Appelskea ha yn augustus op in nacht foar mear as 11.000 euro stikkenmakke yn Appelskea. Se ha de ruten fan in hûs fernield en skea oanrjochte yn seker seis auto's.
De jonges binne nei ferhear wer loslitten, yn ôfwachting fan 'e rjochtsaak. In fjirde fertochte fan 15 jier út Grins, moat noch heard wurde.