Noardlik enerzjyakkoart

19 sep 2007 - 15:03

De trije noardlike provinsjes ûndertekenje op 8 oktober mei it ryk in enerzjyakkoart. Dêryn komme ôfspraken te stean oer saken lykas ierdgasauto's, isolearen fan wenningen en oare enerzjybesparjende maatregels.

It Noarden rint lanlik foarop mei dit akkoart. Kommissaris Nijpels hat him der as foarsitter fan it gearwurkingsferbân fan de trije noardlike provinsjes sterk foar makke. Hy is optein oer it resultaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)