Jong Cambuur wint wer

© Omrop Fryslân
Jong Cambuur hat ek de twadde wedstriid fan de nije kompetysje wûn. Yn Haarlem waard it 2-1 foar de Ljouwerters. Foar it skoft wie it al 2-0 troch doelpunten fan René_Hoen en Pieter_Westra.
Nei de tee kaam Cambuur net mear yn de problemen. Wol skoarde Haarlem út in penalty noch tsjin. Coach Alfons_Arts waard flak foar tiid nei de tribune stjoerd omdat hy de skiedsrjochter in ´slapjanus´ neamde.