Alves noch hyltyd poater

... soe er noch ris in bal reitsje? (foto Martin de Jong)
Sportclub Hearrenfean hat noch hyltyd gjin idee wannear't Afonso Alves werom komt yn Hearrenfean. Dat seit direkteur Yme Kuiper. Hearrenfean hat ek gjin idee wêr't de oanfaller op dit stuit úthinget.
Alves hat neat mear fan him hearre litten sûnt hy fuort gie út Hearrenfean om mei de Braziliaanske ploech twa oefenwedstriden te spyljen yn Amerika. Hy docht seker net mei yn de UEFA cup wedstryd tsjin Helsingborg.