Ljouwert: gjin adres oan ryk

19 sep 2007 - 10:58

De gemeente Ljouwert jout gjin gegevens fan yllegale ynwenners oan steatssiktaris Albayrak. Dy hat gemeenten frege om gegevens fan minsken dy't bûten de pardonregeling falle, sadat dy útset wurde kinne.

De SP hat it kolleezje fragen steld oer de listen. De partij wie benaud dat minsken dy't wol foar it pardon yn oanmerking komme, har net mear melde as de gemeente gegevens trochjout. Mar Ljouwert sil dat dus net dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)