Tips oer akwadukt-saak

19 sep 2007 - 10:43

De plysje hat fjouwer tips krigen oer it smiten fan de foet fan in ferkearsboerd fan it akwadukt by Akkrum. In pear wike lyn waard it ding fan it akwadukt op in auto fan in frou út Grou smiten. Sy kaam mei de skrik frij, lykas de man dy't yn in auto achter har ried.

De dieder is noch net fûn en dêrom is de saak behannele yn it Omrop Fryslân programma Plysjepost. De plysje kin neat sizze oer de wearde fan de tips.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)