Jild foar jeugdsoarch

19 sep 2007 - 10:36

Jeugdsoarch Fryslân rekkenet op in grut part fan it ekstra jild dat yn de miljoenenota útlutsen is foar de bestriding fan bernemishanneling. Fryslân hat lanlik de grutste stiging fan it tal bernemishannelingen.

Ferline jier is it tal meldingen fan bernemishanneling mei sechtich persint tanaam. De 56 miljoen euro wurdt nei rato fan de stiging ferdield. Der komt ek ekstra jild foar tweintich nije gesinsvoogden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)