Himpkweker oanhâlden

© Omrop Fryslân
Troch tafal hat de plysje tiisdei in himpkweker út Hoogersmilde oanhâlden. De plysje socht by in hûs yn Terbant de bewenner om't dy noch in selstraf útsitte moast.
De bewenner wie der net, mar de eigner fan de wente wie der wol, de man út Hoogersmilde. De plysje seach fyftjin grutte himpplanten yn de tún en hat dêrnei de wente trochsocht. Dêr wiene ek stekjes en apparatuer foar it meitsjen fan in kwekerij.