NOFA weryndiele foar 2008

19 sep 2007 - 06:57

De gemeenterieden yn noardeast-Fryslân moatte noch dit jier in beslút nimme oer in ûndersyk nei gemeentlike weryndieling. Yn it ûndersyk wurde de fúzjes ûndersocht tusken Dongeradiel en Dantumadiel en tusken Kollumerlân en Achtkarspelen. De kolleezjes fan dy gemeenten stjoere oan op twa grutte gemeenten fan sa'n 50.000 ynwenners.

De fjouwer gemeenten wurkje al jierren gear. It gebiet is te grut om der ien grutte gemeente fan te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)