Nij waarstasjon haven Starum

19 sep 2007 - 06:27

It peilskaalhúske fan Starum krijt in nij waarstasjon. It húske stiet oan de Havenkade yn Starum en is byldbepalend foar de Bûtenhaven.

It peilskaalhúske waard brûkt om by heech wetter it peil hiel sekuer ôf te lêzen. Op it nije waarstasjon is temperatuer, wynsnelheid en wynrjochting ôf te lêzen. It kostet 7200 euro om it waarstasjon te fernijen. De gemeente Nijefurd betellet dat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)