Sanna Visser giet nei it EK

© Omrop Fryslân
Folleybalster Sanna Visser is op it lêste momint taheakke oan de seleksje fan it Nederlansk frouljusteam. Dat team set tongersdei útein mei it Europeesk kampioenskip yn it Belgyske Hasselt. De 23-jierrige Visser, dy't út Deinum komt, spilet tsjintwurdich by Martinus út Amstelveen. Se siet al earder by it Nederlânsk team.
Nederlân is nei it winnen fan de Grand Prix ien fan de favoriten foar de Europeeske titel.