Snitsers blusse brân sels

18 sep 2007 - 15:16
  • de brânwacht waard noch wol alarmearre

Der hat tiisdeitemiddei brân west yn in útstjoerburo oan de Marktstraat yn Snits. Oan de sydkant fan it kantoargebou stie it dak fan in hok yn de brân. Dêr wie in dakdekker oan de gong.

It fjoer is troch de meiwurkers fan it útstjoerburo sels útmakke. Se krigen dêrby help fan de boade fan it gemeentehûs. Dy sit sels by de brânwacht en wurket der foaroer. By de brân rekke nimmen ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)