Gjin oanjefte boargemasterskar

18 sep 2007 - 15:07

Kommissaris Nijpels docht gjin oanjefte nei oanlieding fan de proseduere omtrint de beneaming fan de nije boargemaster fan Ljouwert. Dat befestigt in wurdfierder fan de provinsje.

Lykas bekend binne neist de namme fan de nije boargemaster Crone ek de nammen fan twa oare sollisitanten yn de publisiteit kommen: de Snitser boargemaster Arno Brok en de Nijmeegske wethâlder Paul Depla.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)