Poadium op wetter yn Snits

Snits krijt it grutste poppoadium fan Nederlân op wetter. Tongersdei 20 septimber wurdt in grut konsert hâlden. Pink Floyd stiet sintraal en it Noord Nederlands Orkest en sjongers lyk as Bert Heerink en Antonie Kamerling soargje foar it lûd.
It poadium leit op De Kolk, tichtby de Wetterpoarte. It poadium bestiet út santich pontons, wêr't it orkest opstiet.