Striid foar swimbad net útiten

18 sep 2007 - 13:53

Foarstanners fan in nij swimbad yn Grou kinne sneon op de rommelmerk in kondoleânseregister tekenje om te protestearjen tsjin de plannen fan de gemeente om it jild foar it nije swimbad te skrassen.

Boarnsterhim moat de kommende twa jier mear as twa miljoen euro besparje. De plannen foar in nij swimbad by de brede skoalle kostje sawat trije miljoen. De swimbadkommisje wol him noch net deljaan by it beslút fan B&W.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)