Nije oanpak demintearjenden

© Omrop Fryslân
Demintearjende minsken krije in bettere soarch troch in nije oanpak. Yn Fryslân rint op it stuit in pilot fan in nije behannelmetoade foar minsken mei demintens. De oanpak komt út Ingelân en wurdt al yn sa'n 20 lannen tapast, mar foar Nederlân is de Fryske pilot in primeur.
60 kliïnten fan Zorgkwadrant en De Friese Wouden dogge mei en de ryksuniversiteit yn Grins docht ûndersyk nei de resultaten.