No ek stoereboerekalinder

opnames foar de boeredochterkalinder
Yn 2008 ferskynt der in boerekalinder mei stoere boeren. De kalinder is in opfolger fan de boeredochterkalinder. Ferskate boeren ha harsels oanmeld foar de kalinder. Fan har binne 16 selekteard.
Ynkoarten binne har foto's op de website boerderij.nl te sjen. De besikers fan de site kinne stimme welke boeren in plakje krije op de kalinder. De 12 stoerste boeren komme yn de Stoereboerekalinder 2008.