Ferwûnen by oanriding

© Omrop Fryslân
By in oanriding op de Eysingawei yn Rinsumageast binne moandeitemoarn twa minsken ferwûne rekke. In autobestjoerder ferliende gjin foarrang oan in 38-jierrige automobiliste út Dokkum. Dêrtroch botsten de twa op elkoar.
De brânwacht moast de feroarsaker fan it ûngelok út syn auto befrijde. Hy is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. De frou út Dokkum is nei it sikehû fan Dokkum brocht.