Cambuur wint fan Omniworld

17 sep 2007 - 22:14
  • Cambuur wûn fan Omniworld mei 2-1

Sportklub Cambuur hat de útwedstryd tsjin Omniworld út Almere moandei wûn mei 2-1. Rick Hooijboer en Adnan Barakat setten Cambuur al yn de earste helte op in 2-0 foarsprong. Tsien minuten foar de ein fan de wedstryd brocht Remco Heerkens de spanning werom troch de 2-1 binnen te tikjen.

It wie pas de tredde oerwinning yn dit seizoen foar de Ljouwerters. Cambuur stiet no op it njoggende plak yn de Jupiler League.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)