Rekôrdpriis skilderij Sonnega

Land of my dreams, fan Auke Sonnega
In skilderij fan de fan oarsprong Ljouwerter keunstner Auke Cornelis Sonnega hat op in feiling yn Singapore 475.000 dollar opbrocht. It is de heechste priis dy't oait foar in skilderij fan Sonnega op in feiling betelle is. It feilinghûs Sotheby's hie de wearde rûsd op tusken de 80 en 120.000 dollar.
Sonnega waard yn 1910 yn Ljouwert berne. In grut part fan syn libben brocht hy yn Yndonesië troch.