Balstjurrige Grinzer oanhâlden

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein in 31-jierrige Grinzer oanhâlden foar fernielings en dronken autoriden yn Easterbierrum. De plysje wie op in melding ôfkommen dat der yn in hûs rúzje west hie dêr't spullen by fernield wiene.
Nei in petear mei ien fan de oanwêzigen dêr, in 34-jierrige frou fan Easterbierrum, waard de man bûten oantroffen. Hy ferklearre dat er troch de frou slein wie.