Nei Grins? By Meppel om!

Troch in steuring fan it treinferkear tusken Feanwâlden en Súdhorn is der moandeitemoarn grutte fertraging foar reizgers tusken Ljouwert en Grins. Arriva advisearret reizgers yn Ljouwert om de trein nei Meppel te nimmen en dêr oer te stappen op de trein nei Grins.
It slagge Arriva net om ekstra bussen yn te setten, omdat dy net beskikber binne. De steuring wie tsjin seizen jûns pas oplost.