Rutmer vd Meer wint Aldehou

Pieter Scharringa nimt ôfskied
De lêste keatswedstriid fan it seizoen, de Aldehoupartij yn Ljouwert, is snein wûn troch Rutmer van der Meer, Pieter Scharringa en Marten Feenstra. Yn de finale wûnen se fan Sibbele Lootsma, Jacob Wassenaar en Gert-Jan Meekma mei 5-2 en 6-0.
De tredde priis wie it partoer fan Wilco Rinia, Auke van der Graaf en Willem Rienks. Foar Pieter Scharringa wie dit de lêste keatspartij op haadklasse nivo.