Slaanderij yn Dokkum

16 sep 2007 - 16:23

Yn Dokkum hat de plysje sneintemoarn trije ynwenners fan 15, 17 en 18 jier oanholden. De trije hiene earder yn de Waagstrjitte spul makke mei twa jonges út Dokkum en Ternaard. Ien dêrfan wie slein mei in riem en rûn ferwûnings oan de holle op. It oare slachtoffer krige klappen.

Wat de oanlieding foar de slaanderij west hat wurdt troch de plysje ûndersocht. De trije fertochten sitte noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)