Skarsterlân pakt fandalen oan

© Omrop Fryslân
Skarsterlân wol it tal fernielings yn de gemeente werombringe. De lêste twa jier binne der hieltyd mear gefallen fan fandalisme en fernielings. It opknappen fan ferkearsbuorden en gebouwen kostet tefolle jild.
Ferskate partijen, wêrûnder plysje, hoareka en it jongereinwurk, wurkje no oan in plan de oerlêst hurd oan te pakken. Undersyk is dien nei wêr't de measte oerlêstplakken binne en hoe't it kin dat der saken fernield wurde.