Krityk CDA Fryslân op NUON

Wynmûnen kinne stroom net kwyt oan NUON
De provinsjale CDA fraksje is min te sprekken oer de opstelling fan NUON. Undernimmers yn de Súdwesthoeke kinne de stroom fan wynmûnen net kwyt op it net fan NUON. De netkapasiteit soe te beheind wêze.
NUON is it lykwols net iens mei de krityk. De kapasiteit is grut genôch mar wol binne der lokaal wat problemen. It soe oan de ûndernimmers sels lizze. Dy moatte earder kontakt opnimme mei NUON as se wat wolle.