Sierd Steigenga wint Erm

© Omrop Fryslân
Sierd Steigenga hat sneon de Ronde fan Erm wûn. Yn dizze lêste wedstriid dy't meitelt foar it DEV-klassemint wie de hurdfytser fan Eksmoarre fierwei de sterkste. Mei Tom Emmelkamp en de Dútser Lukas Keller naaide Steigenga daliks yn it begjin fan de koers út. Yn de finale gong hy wer oan de haal en kaam solo oer de einstreek.
Germ van der Burg fan Nijlân waard fjirde. Sierd Steigenga is ek de einwinner fan it DEV-klassemint wurden.