Spoarbrêge Akkrum stikken

15 sep 2007 - 17:45

Yn de spoarbrêge by Akkrum hat sneontemiddei in steuring west. Hjirtroch ha der tidelik gjin treinen riden tusken Ljouwert en Akkrum.Der waarden salang bussen ynset. Wat it probleem krekt wie, is net dúdlik. Monteurs ha de brêge mei de hân tichtdien, sadat de treinen der wer oerhinne koene.

De spoarbrêge by Akkrum is krekt nij. It wie net de earste kear dat der in steuring wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)