Flater Rykswettersteat

15 sep 2007 - 14:43

Rykswettersteat hat by wurk oan de dyk op 'e nij in flater makke. Fanwege in ferkearde omlieding ûntstiene gefaarlike situaasjes op de A32 by it klaverblêd op it Hearrenfean. Ferkear nei Ljouwert waard by it Hearrenfean de ôfslach nei Drachten opstjoerd.

Dêr waard lykwols ek oan de dyk wurke, en dêrom wie de ôfslach ôfsletten. Guon autobestjoerders koene mar krekt op 'e tiid remje. Rykswettersteat hat de flater yntusken wersteld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)