Noch gjin fertochten himpsaak

© Omrop Fryslân
De plysje hat noch nimmen oanhâlden fanwege de himpkwekerij dy't freed oprôle waard yn Ljouwert. Yn in loads waarden doe trailers en frachtweinen mei planten fûn, ek yn de loads sels stienen planten.
Yn earste ynstânsje melde de plysje dat it om in mobile himpkwekerij gie, mar sjoen de steat fan de trailers en frachtweinen is dat noch mar de fraach. De eigner en hierder fan de loads moatte noch heard wurde.