Soad tarin foar Finkers

15 sep 2007 - 12:31
  • In lange rige njonken de De Harmonie

Yn Ljouwert ha sneon hûnderten minsken yn de rige stien by stedsskouboarch De Harmonie, om kaarten foar de foarstelling fan Herman Finkers te bemachtigjen. Finkers treedt foar it earst sûnt jierren wer op. Hy hat lang siik west.

De kaarten wiene net fan tefoaren te bestellen. Finkers fynt it belangryk dat elkenien like folle kâns hat om syn foarstellingen te sjen. Dêrom is der allinnich ferkeap oan de kassa.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)