Rie op besite by Ferd Crone

In ôffurdiging fan de gemeenterie fan Ljouwert hat freedtejûn nei Heemstede west om yn de kunde te kommen mei de nije boargemaster Ferd Crone. Dy waard freed troch de gemeenterie foardroegen foar de funksje. Crone hat de ôfrûne 13 jier foar de PvdA yn de Twadde Keamer sitten.
De riedsleden wienen foar har fertrek posityf oer de nije boargemaster. Se hoopje benammen te profitearjen fan syn grutte netwurk.