Twarres wer op it poadium

In pear hûndert minsken hawwe freed yn Wergea it reuny-konsert fan Twarres bywenne. Sjonger Auke Busman makke by it konsert syn debút by it duo. Hy folget Johan van der Veen op, dy't fanwege privé-omstannichheden net mear meidocht.
De fans fine it spitich dat Johan der net mear by is, mar sjogge yn Auke Busman in goeie opfolger. Twarres sil fan novimber ôf in teatertoer meitsje.