A32 dit wykein diels ticht

15 sep 2007 - 08:27

Rykswettersteat wurket dit wykein oan de A32 tusken Akkrum en Werpsterhoeke. It wurk is freedtejûn begûn en duorret oant moandeitemoarn 6 oere. De dyk is salang ôfsluten en ferkear moat omride fia Drachten. Dy omlieding wurdt mei buorden oanjûn.

Wa't gjin nocht hat om om te riden, dy kin ek de trein tusken Ljouwert en it Hearrenfean nimme. Der wurdt fanwege it wurk sneon en snein mar twa euro foar in kaartsje rekkene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)