Ungelok rûnwei Snits

14 sep 2007 - 18:20

Op de A7 fan Boalsert nei Snits hat freedtemiddei in ûngelok plakfûn wêrby't ien persoan ferwûne rekke is oan de holle.

It slachtoffer bestjoerde in buske en seach in file foar de rûnwei fan Snits net op 'e tiid. Hy botste op in oar buske mei oanhinger. Troch de klap skeat it foarste stik fan de oanhinger troch de auto. De ynsittenden fan dit buske kamen mei de skrik frij. It ûngelok soarge foar noch mear file.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)