Grutte ynvestearring Stertil

© Omrop Fryslân
Mei de ynvestearring fan goed 1,2 miljoen euro yn de oanlis fan in nije produksjeline hat it bedriuw Stertil yn Koatstertille foarkomme kinnen dat it bedriuw op termyn ticht moat.
It bedriuw dat ûnder oare hef-brêgen makket foar auto's hat al jierren te krijen mei fûle konkurinsje fanút Azië en drige de slach te ferliezen. Dermei soene goed 220 minsken harren baan ferlieze. De kâns is no grut dat der yn de takomst minsken by moatte.