Twa finales foar Zonderland

14 sep 2007 - 16:36

Turner Epke Zonderland fan De Lemmer hat him by de wrâldbekerwedstriid yn Ostrava pleatst foar twa finales. Hy docht sneon mei by de finales op it rek en op de brêge.

Zonderland hat sneon goeie kânsen op in medalje, benammen op de rekstok. By de kwalifikaasjes liet hy mei in skoare fan 15,400 eltsenien fier achter him. Epke Zonderland pleatste him op it WK yn Stuttgart foar de Olympyske Spelen fan 2008 yn Sina.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)