Frituerfet strannen Amelân

14 sep 2007 - 15:02

Rykswettersteat is op it Amelân drok dwaande mei it oprêden fan boltsjes plantaardich fet. It guod is fan 'e wike oanspield op de strannen fan Nes en Buren. Der waard earst tocht dat it parafine wie, mar út ûndersyk hat bliken dien dat it om fet giet foar fritueroalje of bûter.

It guod wurdt mei rolbiezems oprêden. Rykswettersteat is der nei alle gedachten twa dagen mei ûnder de pannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)